De toanielferieningen ‘Oefening en Vermaak’ út Weidum en ‘Nij Libben’ fan Jellum-Bears ha dit jier de lapen gear smiten. Se spylje it stik ‘Lamelos’, in bewurking troch Tjerk Kooistra fan de komyske tf-searje ‘Loenatik’.
Lamelos giet oer in psychiatryske klinyk dêr’t 5 bewenners mei nocht wenje.
Se hakketakke betiden hiel wat op elkoar om, mar dochs binne se op in bûtengewoane wize oan elkoar hechte. Suster Tialda is harren grutte rots yn de branning.
As se der efter komme dat de direkteur de ynstelling foar een soad jild oan in projekt ûntwikkelder ferkeapje wol, foarmje se ien front en betinke se mei elkoar in plan om te foarkommen dat Lamelos ferkocht wurdt.
freed 22 maart om 20.00 oere (útferkocht)
snein 24 maart: 15.00 oere; d ’Ald Skoalle Bears
sneon 30 maart: 20.00 oere
snein 31 maart: 15.00 oere; doarpshûs Weidum
Kaartferkeap:
Fan woansdei 6 maart ôf fia: info@nij-libben.nl
Fragen: 06-10280963
Yntree: €15,- ynklusyf ien bakje kofje/tee; Bern o/m 16 jier: €10,-
Rezjy: Rieneke de Haan
Skriuwer en bewurking: Tjerk Kooistra
Spilers:
Fats - Daniël Span
Dokter Doolittle - Geart Sierd van der Zee
Beppy - Ytje Wassenaar
Majoar - Lodewijk Riedhorst
Mefrou de Haas - Baukje Hiemstra
Suster Tialda - Wytske Bouwma
Direkteur - Anton Wijnstra
Stazjêre Wil - Wolter van der Woude