Foto's

De Bugatti konneksje sneon Ăștferkocht

De Bugatti konneksje sneon Ăștferkocht



It stik spilet him ôf yn hotel-kuuroarde De Rek dêr ‘t gasten in núver ûnthaal krije. It hotel stiet op ‘e râne fan de ôfgrûn en wurdt beheard troch twa susters dy ’t net folle aardichheid ha oan de hospitality-branch. Mar fuortgean doare se net út eangst foar in mysterieuze menear Visser.

Sawol de susters as de gasten binne yn de greep fan kelner Charles dy ’t mei dwerse terapyen en útsûnderlike diëten elts oan ’t it rântsje driuwt.

Wa doart it needlot te wjerstean? Wa wit it tafal te ferslaan? Wa slingert himsels út de baan?

De personaazjes yn De Bugatti Konneksje ha it der dreech genôch mei om dêr út te kommen. Mar foar it publyk is it foaral hilarysk om har gewraksel oan te sjen.

Kaarten foar freed á € 12,50 binne te bestellen op til. 06 40 03 94 42

Freed 11 maart Sneon 12 maart
Oanfang 20.15 oere Doarpshûs d’Ald Skoalle yn Bears

Rezjy: Katja Westra
Skriuwer: Hans Brans
Oersetting: Lolkje Hoekstra
Lûd: Frederik van Dijk






Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
4 november en 16 december


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016