Foto's

In grutter hiem om hs

Ien fan dy taken is it ûnderhâld fan it grien yn de doarpen.
Yn oerlis mei de doarpsbelangen binne wy no dwaande om it draachflak te peilen foar in oerdracht fan it ûnderhâld fan de perkjes en hagen oan de doarpen sels.
Neist de reden fan krapte oan jild, spilet dêrby ek dat de gemeente de lêste jierren noch al wat krityk krigen hat oer it ûnderhâld fan it grien.

Dêrnjonken hat de gemeente al in tal jierren de mooglikheid iepene om stripkes iepenbier grien dy’t fuortdaliks oan de partikuliere hiemen grinzje, yn gebrûk te jaan by de
brûkers/bewenners fan die hiemen. Foar dat yn gebrûk jaan wurdt dan in saneamde brûkersoerienkomst sletten, sûnder dat soks de brûkers jild kostet.
Under in pear stelde easken meie de brûkers dy grûn dan by harren tún belûke en kinne sy it nei eigen ynsjoch ynrjochtsje.

Graach wolle wy dizze mooglikheid ûnder de oandacht fan ús ynwenners bringe en as der belangstelling foar is, harren freegje om soks by op it gemeentehûs bekend te meitsjen
(skriftlik of telefoanysk).
De oanfraach wurdt dan beoardield en as it heal kin wurdt de brûkersoerienkomst ferliend.

It gemeentebestjoer
Littenseradiel


Terug

Agenda

Oud papier 2018
30 juni,
15 september,
8 december.

Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg.

1 juli:
Europese tournee 'Licht en Schaduw' in Bears


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Jaarverslag dorpsbelang 2017

Film ter ere fan it 75-jierig bestean fan doarpsbelang Jellum/Bears

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân