Foto's

Feste de nar fan Unia

Feste de nar fan UniaDe bouploech is werom gien yn de midsieuwen mei it meitsjen fan in blijde. Dit grutte apparaat fan wol 8 meter heech sil brûkt wurde by de belegering fan Uniastate. Ek ha se in unyk hûs op tsjillen makke. Dizze skitterjende caravan kin dit jier wol ris in grutte hit op de kampings wurde (of op de merke...)
De akteurs ha mei de repetysje foar it earst de kostúms oan hân. It like mar kreas, moaie kreaasjes dy’t allegear spesjaal foar Feste makke binne.
De akteurs spylje dizze foarstelling allegear mei maskers op. Dizze maskers binne op maat makke foar elke rol.
Wy binne d’r fan oertsjûge dat it my alle yngrediïnten en de ynset fan alle frijwilligers in prachtige foarstelling wurd. Hjir moatte jo hinne. As it fjoer fan de foarstelling jo net ferwaarmet dan binne der ek genôch tekkens oanwêzich.

De foarstellings binne op:
Woansdei 28 april
Freed 30 april
Sneon 1 maaie
Woansdei 5 maaie
Freed 7 maaie,

It begjint alle jûnen om 20.45 oere.

Kaartsjes kinne bestelt wurde fia www.stoej.nl en op telefoannûmer 06-40039442 (mo. o.m. freed tusken 18.00 en 20.00 oere).
Op ús webside www.stoej.nl kinne jo fan alles besjen oer dit téeaterspektakel yn Uniastate yn Bears,
Dit meie jo net misse, hjir moatte jo hinne.

Út namme fan alle meiwurkers,
It Stoej-bestjoer.



Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
16 december

17 novimber Bierpriuwerij
d'Ald Skoalle Bears
20.30 oere; 15 euro p.p.

7 jannewaris 2018 Nyjiersbrunch
d'Ald Skoalle Bears
13.00 oere

14 april Rommelmerk
d'Ald Skoalle Bears


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016