Foto's

Meiïnoar Grien Ynfesteare

Meiïnoar Grien YnfesteareKoöperaasje Meiïnoar Grien Jellum Bears hat it libbensljocht sjoen in goed jier ferlyn en makket lykas Enerzjykoöperaasje Weidum mei noch krapoan 50 koöperaasjes yn Fryslân, diel út fan de oerkoepeljende Ús Koöperaasje. En mei Drentse Kei en Groninger Energiekoepel foarmje sy Energie VanOns, dy't tagelyk grien opwekte stroom út it Noarden levert mei CO2- frij gas.
Dizze club bestiet foar it grutste part út frijwilligers en de winst wurdt wer ferdield oer de koöperaasjes, dus d'r bliuwt neat oan de manager-strykstok hingjen.
Meiïnoar Grien hat as “wederverkoper” oan't no ta 13 “huzen” ferliede kinnen oer te stappen nei EVO en oanfuld mei net-oerstappers sit it ledetal no op 51. .
Lykwols de wederverkopersfergoeding fan €75,- op jierbasis stiet troch it sukses fan de sinnepanielen op partikuliere – en postkoaderoasdaken (meiïnoar op ien dak eigen stroom opwekke) ûnder druk.
Dêrom siket MGr panielynfestearders (ca.€350,-/paniel) op in grut sinnedak mei 15 jier lang in rinte fan 3-4%. De helte fan it projekt kin foar 4% lient wurde bij it Fûns foar Fryske Skjinne Enerzjy
We kinne dan mei help fan SDE+ subzydzje (ca. 9c/kWh) en de keale stroompriis (ca.4c/kWh) yn 15 jier de koöperaasjepot aardich spekke.
Dêr kinne jo leuke dingen meidwaan yn in tiid fan earmoedige gemeenten en duorsumme subzydzje ôfbrekkende provinsje lykas in doarpskorporaasje foar betelbere duorsumme wenten, elektryskeo dielauto mei laadpeal, subzydzje foar it duorsum meitsjen fan besteande wenten,doarpstún,ensf.
Uteinlik sille de leden de sek mei jild ferdiele.
Eltsenien, dus ek jo kapitaalkrêftich famyljelid út Amsterdam of Parys, kin mei minimaal €350,-, de wearde fan ien paniel,helpe Jellum-Bears op de griene, noflik wenjende kaart te setten. Om it winslike tal panielen bepale te kinnen soenen wy graach foar de subzydzjeoanfraach yn oktober al ûngefear witte wolle wêr't wy op rekkenje kinne.
Ynformaasje? Stjoer in mailsje nei secretariaat@grienjellumbears.

Grienfreonlike groetnis,

Bestjoer Meiïnoar Grien Jellum-Bears


Terug

Agenda

Programma doarpshûs d'Ald Skoalle:

16,17, 18 aug.

Merke Jellum-Bears op keatsfjild yn Jellum


Oud papier 2019
21 september; 30 november
Oud papier graag in dozen of gebundeld langs de weg zetten.


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Ledenvergadering dorpsbelang en jaarverslag 2018


Film ter ere fan it 75-jierig bestean fan doarpsbelang Jellum/Bears

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân