Foto's

Nij Libben spilet Fryske premiêre ‘StimpStamp'

Nij Libben spilet Fryske premiêre ‘StimpStamp'Toanielferiening Nij Libben spilet freed 22, sneon 23 en snein 24 maart de Fryske premiêre ‘StimpStamp'. Stimp Stamp is in tragikomeedzje, betiden hilarysk en betiden skrinend. Je dûke fanôf de earste sin yn in ûnderhâldend famyljespektakel mei in skerp rântsje.

Stimp Stamp giet oer in bysûndere húshâlding dêr’t mem, Memmy, mei izeren hân regearret.
Heit Lubbert sammelt postsegels en soan Henk sit yn it leger en is Memmy’s popke, wat net helpt om in freondinne te finen. Aldste dochter Fardou is de iennichste dy’t oan de kloeren fan Memmy ûntkommen is, of toch net...? De jongste fan de famylje, it neikommerke Femmy, hat se net allegearre op in ryche, of hâldt se jim foar it lapke? Neat is wat it liket.

Kaarten kinne besteld wurde op www.nij-libben.nl.

De foarstellings binne yn doarpshûs d’ Ald Skoalle yn Bears en begjinne freed en sneon om 20.00 oere, de sneins begjint it om 15.00 oere.
Stimp Stamp wurdt foar it earst yn it Frysk spile en is dêrmei in premiêre. It stik is net geskikt foar jonge bern, it praat is betiden wat grof en de sekskant it neist. Adfysleeftiid: fanôf 12 jier.

De rezjy is yn hannen fan Maaike van der Geest.



Terug

Agenda

Programma doarpshûs d'Ald Skoalle:

Oud papier 2019
30 november
Oud papier graag in dozen of gebundeld langs de weg zetten.


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Ledenvergadering dorpsbelang en jaarverslag 2018


Film ter ere fan it 75-jierig bestean fan doarpsbelang Jellum/Bears

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân