Foto's

Tút mei in dakje

Tút mei in dakjeDy houthakkers fan Weidum binne miskien wol gek mar se ha wól it Frysk Diktee 2018 wûn. Eh, houthakkers fan Weidum? Wa ’t dat begripe wol moat wol it diktee hjirûnder lêze. De tekst – skreaun troch Sjoerd Bottema – waard fakkundich foarlêzen troch juf Janke Singelsma (alhoewol: sei se no ‘werskynlik’ of ‘wierskynlik’?).

It ferhaal wie al krekt sa hilarysk as de foarige kear, mar histoarysk net alhiel korrekt miende Jaap Beetsma. Jaap moat net seure want hy mocht de oarkonde foar Weidum yn ûntfangst nimme. En wat wol it gefal? Partner Djoke Peenstra stie it folgjende momint te glunderjen mei de oarkonde foar it minste oantal fouten yn ’e hannen. Net mear as fjouwer flaterkes hie se. “Kinne we dit net faker dwaan?” wie de fraach fanút de dielnimmers. Jawis!  We sille der as redaksje oer gear hoe ’t we yn dit ferlet foarsjen kinne. Want skriuwe kinne yn je eigen taal, dat ís wat wurdich!

Diktee, makke troch Sjoerd Bottema en foarloarlêzen troch juf Janke Singelsma:

Healwizichheden
1 Binne jim no hielendal gek wurden?
2 Dat wie de algemiene reaksje op it foarstel om in Alvestêdebosk oan te plantsjen yn it Swettegebiet. Yn it greidelân heart gjin bosk. Sa waard en wurdt der hjir oer tocht.
3 De gemeente dy’t mei dat útwrydske idee op ’e lappen kaam, wie Ljouwert. Sûnt de lêste gemeentlike weryndieling hearre ús doarpen dêr ek by: in stedsgemeente mei reade sifers en bytiden nuvere opstigings oer de oanklaaiïng fan it oanbuorjende plattelân.
4 Wâldpiken, Stellingwarvers en Gasterlanners tinke der wierskynlik oars oer; dy giet de grize oer de grouwe by dat ivich jûchheien oer dy keale, winige en sigerige kontreien lykas hjir by ús, yn Weidum, Jellum en Bears.
5 Guon tinke dat it altyd sa west hat, dat it sa heart, dat it typearjend is foar dizze hoeke fan Fryslân. Mar dat byld strookt net mei de werklikheid. It tilde yn ’e Greidhoeke eartiids op fan it beamteguod: it wie dêr besiedde mei stinzen en states, allegear omseame mei in wieldrich park, trochsnien mei brede kuierpaden en optuge mei mânske iken, ipen en bûken. Allinne yn Weidum al stiene fiif stinzen en Bears hie syn Uniastate.
6 In Alvestêdebosk? Dat is neat nijs. Tusken Weidum en de eardere Middelsee, fan Dekemastate nei de Swette, lei foarhinne in brede stripe bosk, rynsk beplante mei griene giganten.
7 Dy beammen ha se destiids allegear omseage, de Weidumers.
8 Wa binne hjir no gek, de beammeplanters fan no of de houtkappers fan doe?




Terug

Agenda

Programma doarpshûs d'Ald Skoalle:
12 december: kersttukjes maken
6 jan.: Nieuwjaarsbrunch
13:00 oere
18 jan.: Itensiede mei Wyneke en Marjolein
17:30 oere
9 febr.: Snertjûn
17:00 oere
21 febr.: Boekejûn mei Anita Terpstra
20:00oere
2 maart: Discojûn
20.30 oere

Kaartclub 'Harten Aas'
Kruisjassen: 17 dec. 21 jan. 25 febr. 18 maart, 1 april
Aanvang: 19.45 uur
Klaverjassen: 14 dec. 11 jan.
8 febr. 8 maart en 12 april
Aanvang 20.00 uuur

Biljartclub
Vanaf 1 oktober 2018 elke maandagavond
Aanvang: 19.30 uur
Vrijdagmiddag, op deze middag wordt ook les gegeven.
Aanvang 14.00-16.00 uur



Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Ledenvergadering dorpsbelang en jaarverslag 2017

Film ter ere fan it 75-jierig bestean fan doarpsbelang Jellum/Bears

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân