Foto's

Nij Libben spilet 'It Nije Libben fan Romeo en Julia'

Nij Libben spilet 'It Nije Libben fan Romeo en Julia'Romeo en Julia, miskien wol it meast bekende stik fan William Shakespeare, is skreaun yn de perioade 1591-1596. It giet oer de ûnmooglike leafde fan twa pubers út fijannige famyljes. It is in romantysk drama, dat hjoed de dei noch aktueel wêze kin. Dêrom wurdt it noch hieltiid opfierd yn de teaters.

Tonielferieniging Nij Libben fan Jellum/Bears triuwt it ferhaal yn in modern jaske mei as titel: "It Nije Libben fan Romeo en Julia".
De moaie miks fan jonge en âlde spilers sil dizze "echte klassieker" fet cool del sette.

Utfiering:
16 en 17 maart om 20.00 uur
18 maart om 15.00 uur
yn d' Ald Skoalle Bears

De rezjy is yn hannen fan Jehannes Arendz.

Klik hjir foar mear ynfo en it reservearjen fan kaarten.




Terug

Agenda

Oud papier 2018
30 juni,
15 september,
8 december.

Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg.


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Jaarverslag dorpsbelang 2017

Film ter ere fan it 75-jierig bestean fan doarpsbelang Jellum/Bears

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân