Foto's

Merke Jellum-Bears 19, 20 en 21 augustus 2016

Merke Jellum-Bears 19, 20 en 21 augustus 2016De merke Jellum-Bears 2016 wurd dit jier hâlden op freed 19, sneon 20 en snein 21 augustus. Dit jier fiere wij it yn Bears. Wy kinne dit kear net yn’t Doarpshûs terjochte fanwege de ferbouing. Mar wy ha in hiel moai alternatief plakje fûn: Unia State.

Op it prachtige terrein binnen de poarte komt de tinte te stean en op it terrein fan de boarterstûn kinne we keatse en oare spultjes dwaan. Ek sille we de saneamde loftspegeling ek yn it program belûke. Fanwege dit plak wie it dit jier net sa dreech om in tema te betinken: dit jier is it tema: de Midsieuwen.
Krekt as oars wer yn fjouwer groepen: Jellum-Noard, Jellum-Sûd/Bears-Noard, Bears Sûd en VDL-Stud. D’r binne ferskate spultjes dy’t meitelle foar de einskoare.

It grutte pronkstik dy’t elke buert meitsje moat is dit jier in Harnas. Yn dit harnas moat in mins rinne kinne. De fjouwer harnassen sille yn’e optocht fan freed selstannich meirinne. Fansels wurde dizze harnassen beoardield en telle de punten mei foar de ein útslach. Ek jouwe wy punten foar de moaist ferklaaide buert op dizze freed. Wy sette útein fanôf de Bearsterhoeke.

Programma

Freed 19 augustus
• 17.30 oere Start van de verklede stoet met lopend!!! harnas*
• 18.00 oere Opening merke
• 18.15 oere Barbecue
• 20.30 oere Middeleeuws buurtspel*
• 22.00 oere Musyk mei Sytse Haima

Sneon 20 augustus:
• 09.00 oere Pearke-keatsen (veld Uniastate)
• 10.00 oere Berne-keatsen (veld Uniastate)
11.00 oere Petsjebaljen
• 14.00 oere Bernespultsjes
• 15.00 oere Jeu de Boules
• 17.00 oere Sigaarsmoke
• 20.00 oere Lanssteken!!!*
• 22.00 oere Musyk mei de band Hotstop

Snein 21 augustus
• 10.00 oere Koffie op het veld
• 11.00 oere Bernefermaak
• 13.00 oere Gezamenlijke lunch op het veld
• 14.00 oere Hindernisbaan*
• 15.00 oere Verlotting
• 15.30 oere Muzikale buurtkwis*, finalespel voor iedereen met Agnes Sambrink
• 17.30 oere Prijsuitreiking met nog een uurtje Agnes Sambrink

*Telt mei foar de buorrenstriid




Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
4 november en 16 december


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016