Foto's

Fryske jûn yn Mantgum mei talint út Littenseradiel

Fryske jûn yn Mantgum mei talint út LittenseradielHâlde jo fan in gesellige Fryske jûn mei muzyk, dan hat Swalk no in moai ôfwikseljend program foar jo yn petto mei talint út Littenseradiel. Swalk is in projekt fan Tresoar yn Ljouwert. Swalk bringt de Fryske literatuer en kultuer by de minsken yn Fryslân. Mei in rige optredens troch Fryslân, mar ek op Twitter, Facebook en in webside (swalk.nl) wol Swalk de leafhawwers fan de Fryske taal en kultuer graach berikke. Op sneon 17 septimber komt it Swalkspektakel mei byld, lûd, muzyk en ferhalen yn Mantgum.

Muzyk út Jorwert

De muzyk by Swalk wurdt fersoarge troch de band ‘Wiebe’, besteande út Wiebe Kaspers (berne yn Jorwert), Florian den Hollander en Daan Slagter. Bekend fan û.o. Omrop Fryslân mei de hit: ‘Der rydt in boer nei Aldegea…’.

Presintator út Weidum

Wybo Smids, û.o. bekend fan Iepenloftspul Jorwert, hat de lieding fan de Swalkoptredens. Hy is gjin ûnbekende yn it iepenloftspul fan Jorwert, tink mar oan de hit ‘Reade wyn’. Wybo hat yn gearwurking mei regisseur Tjerk Kooistra in nije opset foar Swalk makke.

Skriuwster út Weidum

By alle optredens is der plak ynrûme foar in live optreden fan in Fryske skriuwer of keunstner. Op sneon 17 septimber yn de Wjukken yn Mantgum is dat berneboekeskriuwster Janneke de Boer (ek bekend as sjoernaliste foar Op ‘e Skille). Sy komt mei in berneboek, mei yllustraasjes der yn fan Vera Damhuis. Sels seit sy hjiroer: ,”Letter, at ik grut bin, wol ik in boek skriuwe”, wie ien fan myn dreamen. As moderne jobhopper tusken jierkontrakten lei dat lang net sa foar de hân. Mar myn motto 'as je mar wille yn je wurk hawwe' smyt my sa wol in skat oan ûnderfining op, dy’t wer garant stiet foar nij ynsjoch. De dream dêr't ik it niis oer hie, is dit jier útkommen: In modern mearke dat de jonge lêzer mei op reis nimt bylâns fertriet en ûnferwachte freonskip. Ik rekkenje derop dat de oare opdiene ynspiraasje ék syn eigenwize wei nei it papier fine sil.
https://www.facebook.com/janneke.deboer.14

Keunstner út Mantgum

Keunstneresse Tsjimk Scarse (berne yn Mantgum) sil in kolleksje fan har tekenwurk meinimme en dêr wat oer fertelle en sy sil ûnder de foarstelling in tekening fan de jûn meitsje.
Yn har wurk figurearje meastentiids minsken, benammen froulju. Dizze minsken krije faak feroaringen oanbrocht oan it liif, it wurde mear hybride figueren. Tsjintwurdich behellet se der ek bisten by, lykas yn mearkes. Mei de minsken fertelle sy it ferhaal fan harren ferskate karakters. De tekeningen binne swart/wyt troch it gebrûk fan grafyt of fulpen. Sa no en dan komt der wat ekstra kleur by yn. Spannend dus wat it wurdt.

Reizgje
Der is boekeferkeap fan Boeken fan Fryslân en fansels binne de boeken fan de skriuwer dy’t optreedt ek te keap. It Kadoboek is fergees by oankeap fan in Frysk boek. Op snein 18 septimber jildt it Kadoboek as ferfierbewiis by de Reisaksje. Jo hoege dy deis yn Fryslân yn bus of trein net yn te tsjekken, mar kinne it Kadoboek sjen litte. Ek it Aksjeboek foar bern Wapper, jildt as jildich ferfierbewiis. Yn Grinslân jilde de boeken yn de Arriva treinen ek as ferfierbewiis. Jo kinne dy sneins yn Mantgum op ’e trein stappe of mei de bus reizgje.

Sneon 17 septimber 2016

mfc Wjukken
20.30 oere
Yntree: € 5,00



Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
4 november en 16 december


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016