Foto's

Swalk, Frysk literĂªr festival 17 septimber yn Bears

Swalk, Frysk literĂªr festival 17 septimber yn Bears
Swalk fersoarget programma’s mei teater, muzyk, kultuer en boeken. Ek yn 2015 organisearret Swalk wer it Frysk literêr festival. Op freed 11 septimber set Swalk útein mei it Frysk Boekefeest en de njoggen dagen dêrnei swalket Swalk troch Fryslân, mei Dette Glashouwer en Wiebe Kaspers. Op tongersdei 17 septimber om 20.00 oere komme se yn ‘d Ald Skoalle yn Bears. De Fryske skriuwer Durk van der Ploeg is dizze jûn as gast oanwêzich.
It tema fan't jier is jild, n.o.f. it Kadoboek De ferjilder.

Dette Glashouwer en Wiebe Kaspers
Teatermakster Dette Glashouwer bringt in Frysktalich teaterprogram oer jild. Wiebe Kaspers - jong muzikaal talint - skriuwt in totaalprogram oer jild. It tema fan Swalk is nammentlik ‘jild’. Dette Glashouwer hat û.o. furoare makke mei ‘Suver Nuver’en hat optreden op De Parade en Oerol. Sy is ek gauris yn ’t bûtenlân te sjen mei har teaterprogramma’s oer jild, banksystemen en ruilhannel. Dette komt nei Fryslân mei stand-up economy fol nij ynsjoch, seksy oplossingen en ‘rumble in the jungle’.

Wiebe komponearret sels muzyk en skriuwt teksten, hat al eigen muzykprogramma’s makke, sa as ‘It Gouden fjild’ en is geregeldwei te sjen en te hearren op Omrop Fryslân. In multy-talint dy’t mei Daan Slagter en Florian den Hollander it publyk nije, bekende en foaral klinkende muzyk hearre litte sil op in folslein eigen wize.
De Fryske skriuwer Durk van der Ploeg is dizze jûn as gast oanwêzich.

Kadoboek De ferjilder
Jild, elk hat der mei te krijen: de iene hat der wat mear fan as de oare. Der is in soad oer jild te fertellen en dat dogge wy dan ek. It Kadoboek De ferjilder giet oer jild. It is in oersetting troch Jarich Hoekstra en Harke Bremer fan De vergelder fan Marten Toonder. Sy ha al mear boeken fan dizze auteur oerset en ha sels ek boeken skreaun. By oankeap fan in Frysk boek is it Kadoboek fergees: los te keap foar € 9,95.

Aksjeboek foar de jeugd Dy iene foto
Dy iene foto is it Aksjeboek mei jeugdferhalen dat foar € 4,95 te keap is yn de boekhannel. It Aksjeboek 2015 is skreaun troch: Auck Peanstra, Ate Grypstra, Jelle Bangma, Ans Wallinga, Hein Jaap Hilarides, Caja Cazemier, Rixt Weiland, Freddie Scheltema, Hilda Talsma en Gerrit Hoekstra.

Mei Swalk fergees reizgje op 20 septimber
Op snein 20 septimber, tidens de Reisaksje, jildt De ferjilder en/of Dy iene foto as ferfierbewiis foar de bussen en treinen fan Arriva en Qbuzz yn Fryslân en foar de treinen ek yn Grinslân. (Dus gjin yntsjek nedich, mar De ferjilder of Dy iene foto sjen litte).

Nijste boeken
By it optreden yn Bears is der romte om oer de nijste boeken te praten en foar oare keunstuteringen. Fansels binne by it Swalkprogram de nijste Fryske boeken en it Kado- en Aksjeboek te krijen, mar ek yn de boekhannel.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.swalk.nl (Frysk- en Nederlânsktalige ferzje).

Reservearje:
l.bonnema@tresoar.nl of: 058 – 789 0740/ 789 0 792; Tagong: € 5,00  (op wurkdagen en foar 15.00 oere)
Mear info: Swalk






Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
4 november en 16 december


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016