Foto's

Wr is doarpsbelang Jellum-Bears mei dwaande

Wr is doarpsbelang Jellum-Bears mei dwaandeYn de tarieding op in nije doarpsfisy hat doarpsbelang Jellum-Bears in enkête opsteld wer’t alle leden fan doarpsbelang harren ideeën, soargen of opmerkings foar de takomst fan ús doarpen op kwyt koene.

Mear as 50% hat de enkête ynlevere, in percentage wer’t in soad ûndersyksinstellings jaloersk op wêze soene. Wij tankje alle ynwenners foar hun meitinken en ynbring.

Der hat in bijienkomst west mei alle ferienings yn Jellum-Bears om fanút dat perspektief foarút te sjen. It idee libbet om ek de jeugd noch ris bij mekoar te roppen sadat ek sij hun ynbring ha kinne.
De earste yndruk út de réaksjes (en tige wichtich) is dat frijwol eltsenien mei nocht en wille wennet yn Jellum-Bears. De rêst, de lytsskalichens, de feilichheit en de frijheit wurde tige wurdearre en as in wichtich punt beneamd om foar de takomst te behâlden.
In grut tal suggestjes wurde neamd om de mienskip libjend te hâlden, suggestjes op it mêd fan soarch, aktiviteiten foar de jeugd en de âlderein, bedriuwigheid, rekreaasje en toerisme.
Doarpsbelang sil de oandroegen punten ferwurkje yn in doarpsfisy, in plan foar de takomst. Dit sil op in letter tiidstip úteraard mei it doarp bepraat wurde.

Soarch is der oer de ferkearsdruk yn Jellum, as de Haak straks iepen is hoopje we dat dit minder wurdt. De opknapbeurt fan de Skoalhoeke is mei in fertsjinwurdiger fan de gemeente bepraat en we sille de tredde fase fan it ferkearsplan Jellum oppoetse en bij de gemeente op ‘e aginda prebearre te setten.

Begjin desimber hat it DB wer ambtlik oerlis mei minsken fan de gemeente. Dit giet foaral oer praktyske saken dy’t spylje.

De ynspannings om de oergong fan stêd nei plattelân lânskiplik sa goed mooglik ferrinne te litten gean hieltiid troch. Op dat mêd is der gearwurking mei de doarpsbelangen fan omlizzende doarpen en de gemeentes Littenseradiel en Menameradiel en kontakten mei de gemeente Ljouwert.

Fierder is Doarpsbelang belutsen bij it inisjatief fan Nij Baarderadiel, in bundeling fan krêften fan de doarpen dy’t yn 2018 oergean nei de gemeente Ljouwert. Wij wolle ús al hearre litte en ús mienskiplike belangen bij de gemeente Ljouwert goed ûnder de oandacht bringe.

Ek yn it nije jier sille wij ús ynsette om de algemiene belangen fan de ynwenners fan Jellum-Bears sa goed mooglik te behertigjen en deryn de gearwurking te sykjen mei oaren as dat winslik is.
It Bestjoer fan Doarpsbelang Jellum Bears winsket eltsenien goeie Krystdagen ta en foar it Nije Jier alle goeds; sawol yn it persoanlike libben as yn ús mienskiplike doarpslibben.

It bestjoer fan Doarpsbelang Jellum-Bears



Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
16 december

17 novimber Bierpriuwerij
d'Ald Skoalle Bears
20.30 oere; 15 euro p.p.

7 jannewaris 2018 Nyjiersbrunch
d'Ald Skoalle Bears
13.00 oere

14 april Rommelmerk
d'Ald Skoalle Bears


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016