Foto's

Merke Jellum en Bears

Merke Jellum en BearsIt tema fan de merke is dit jier Fryslân. It lân fan de greiden, de pompeblêden en de marren. Fan de Alvestêdetocht, it Keatsen, It Skûtsjesilen en it Fierljeppen. En wer yn de 16e ieu Grutte Pier mei syn “butter, brea en griene tsiis...” mannich Hollander in kopke lytser makke. It lân dér’t de ynwenners bekend steane om hun nochterens en hun grûtskens. Wy hoopje dan ek op in merke wer’t elstenien grûtsk op wêze sil (nochter oft net).

Lekker ite
Op snein ite wy wer mei elkoar. Dit jier stiet op it menu: Fryske stamppot (potiten)! Elts buorskip makket in stamppot nei Frysk resept. Je soene sizze dat Potstro dan ek net ûntbrekke mei. Mar bestiet er noch wol in resept fan dit guod en wa fynt dit wier noch lekker..? Yn elts gefal wurd ferwachte dat er in Fryske stamppot foar 40 persoanen op tafel setten wurdt. Hjir kriget eltse buorskip in bedrach fan €75,00 foar. It neigesetsje wurdt fersoarge troch de merkekommisje.

In Frysk Pronkstik.
Keunst yn Jellum-Bears, troch Jellum-Bears en foar Jellum-Bears. Fan eltse buorskip wurdt ferwachte dat hja “eat” meitsje, mei as tema Fryslân. Dizze pronkstikken sille de hiele merke troch op it merkefjild toand wurde. Dus it is wol handich as it oer wyn, rein en fansels sinne kin.
De pronkstikken moatte net lytser as 1 by 1 meter wêze en net grutter as 5 by 2 meter. Opbouwe kin sneons oft sneintemoarns. It wol bedekke sadat it sneins ûntbleate wurde kin. De wurken wurde beoardield troch de buorskippen sels, werby der net op it eigen buorskip stimt wurde kin. De útslach telt mei foar de seiskamp.

Foar de rest fan it programma klik hjir.



Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
16 december

17 novimber Bierpriuwerij
d'Ald Skoalle Bears
20.30 oere; 15 euro p.p.

7 jannewaris 2018 Nyjiersbrunch
d'Ald Skoalle Bears
13.00 oere

14 april Rommelmerk
d'Ald Skoalle Bears


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016