Foto's

Der wie ris…

Der wie ris…In adelijk man, hij hjitte fan Tjerck van Unia.
Hij wenne yn 1530 yn Bears yn de prachtiche Uniastate
Hij libbe fan de opbringst fan syn pleatsen yn ‘e buert.
Hij hie in hiel soad feinten om him te helpen en soldaten om syn state te ferdigenjen.

De frou fan Tjerck hjitte fan Tryn Epesdochter.
De bern fan Tjerck en Tryn ferfeelden harren faak op Uniastate. Der wie neat te dwaan, se moasten keurich op ‘e stoel oan tafel sitte, hieltiid om hun krease klean tinke, net smoarch wurde en net drave en fleane troch de gongen. De bern wiene dan ek faak boas en sjachrijnich.

Op in dei sei Tryn tsjin Tjerck: “ik ha myn nocht fan die âlde, stoffiche en swiere meubelstikken yn Uniastate, ik wol wolris modernere meubels”.
“Dat is perfoast net nedich” sei Tjerck. “se binne noch geef as kryt en kreas, wij kinne it jild wol oars brûke”
Mar Tryn hâlde fol en eltse wike frege se op ‘e nij om nij húsrie en Tjerck joech net ta.
Op in jûn dat Tjerck fuort wie, rôp Tryn twa sterke feinten bij har en sei dat se alle meubelstikken nei bûten smiten moasten, en sa gebeurde it.

Doe’t Tjerck de oare deis wer thús kaam seach er dat alle meubels bûten op in bult leine. Hij waard poerrazende lilk. Hij stampte mei de fuotten op ‘e grûn, ropte en raasde dat it in oardiel hie, en gong op syk nei syn frou.
Mar wylst der yn en om Uniastate hin en wer rûn kaam er de bern tsjin. Dy sprongen en raasden fan wille; no koene se sa moai yn ‘e tún boartsje op die bult húsrie.
Se klommen yn de kast, glydsken fan de tafels en stiene op ‘e stuollen, alles wat yn ‘e state nea mocht. Wat wiene se optein.
Doe’t Tjerck dat seach wie der net mear lilk. Hij sei tsjin syn frou, “do krigest nije meubels en de âlde binne foar de bern”.
En sa gebeurde it. Eltsenien yn Uniastate wie tige tefreden en se libben noch lang en lokkich.

Met dit sprookje opende op donderdagmiddag 6 juni wethouder Douwe Willemsma, samen met de kinderen de Kultuerboartersplak op het Uniastate terrein in Bears. Een heel bijzondere speeltuin, bestaande uit schots en scheef staande meubelen bij Uniastate. Ontworpen door kunstenaar Beb Mulder en uitgevoerd en geplaatst door de Mannen van Staal samen met veel vrijwilligers. Door bijdragen van veel sponsors en fondsen kon deze Unieke speeltuin uiteindelijk worden gerealiseerd. Het heeft de werkgroep bestaande uit Aly Ybema, Watse van Balen en Truke Zeinstra veel tijd en moeite gekost om alles volgens de veiligheidseisen te laten uitvoeren. Maar uiteindelijk is dat gelukt.

“Een bijzondere prestatie”, zo liet Pim Rodenboog van Uniastate weten.
Na het sprookje werd de speeltuin door de kinderen in gebruik genomen.
Lachend en juichend klommen ze overal op en onder. “Was dit de bedoeling?”, vroegen we aan Beb Mulder. “Dit beeld heb ik altijd voor ogen gehad en het is prachtig om het in werkelijkheid te zien” was zijn reactie.



Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
16 december

17 novimber Bierpriuwerij
d'Ald Skoalle Bears
20.30 oere; 15 euro p.p.

7 jannewaris 2018 Nyjiersbrunch
d'Ald Skoalle Bears
13.00 oere

14 april Rommelmerk
d'Ald Skoalle Bears


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016