Foto's

Merke Jellum-Bears 2013

Merke Jellum-Bears 2013

Foar dyjinge dy’t dizze tiid meimakke hat, ferstrûp dy yn dyn jierren-80 “outfit”. Lit it wûnder gebeure, net stinne, mar der hinne. Dit is de ultieme kâns om efkes te ûntsnappen oan de hjoeddeistiche gejeide en komplekse tiid. Wat no ynternet, wat no mobile tillefoan, ûnderweis wiene jo gewoan net berikber, hearlik.

Foar dyjinge dy’t dizze tiid net meimakke hat, dit is de kâns om te rûken en te priuwen wat fotoboeken fol oanjouwe. De kâns te sjen en te fielen wat dat “eartiids wie alles better”is. Sjoch, priuw, hear, rûk en fiel it sels. Asum, de musyk, de sosjale omgong, en de ienfâld fan it deistiche libben fan doe. Dit kin jimme noait mear ôfnommen wurde.

Wy bringe de Merke fan jierren-80 werom, as Allard ek yn gûnen rekkent, jimme sille it gewaar wurde. Wy ha kontakt socht mei it GGZ. It kin gjin kwea dizze soarte fan “rebirth”te ûndergean. Mar likas oars, de dielnimming oan de Merke is foar eigen risiko. Let op!!!, mocht der hjir en dêr nog in groede sa no en dan op it teare sieltsje wat opspylje, dizze “rebirth”sil alles glêdstrike.
Foar alle dúdlikhyd, allinne de geast en net it lichum transformearret wer nei de tiidsgeast fan de 80-er jierren werom. Alde tiiden sille wer oplibje, mar wol yn in âld fel, spitichgenôch de rimpels, de smulrollen, de grize jierren en oare krupsjes sille sichtber bliuwe. Mar der is ek in oplossing foar; dyn jieren-80“outfit”kin dit ferhulle.

It program
Snein 11 augustus

14:30 oere Presintaasje fan de Jokers fan alle 4 buurten (1e ûnderdiel fan Stjêrrenslach) It komplete plaatsje sil troch in jury op punten set wurde
15:00 oere Bernebingo de hiele priizenkast giet leech
15:00 oere Bijkletse, borrelje en oare ferdivedaasje, niks moat alles mei.
De sigaren en sigaretten stean op’e tafel.
16:00 oere Piksjitten foar jong en âld. It spultsje fan de 80-er jierren.
17:30 oere Lekker ite mei syn allen. Eltse buurt makket sop en in stoofpotmiel foar in 30-tal persoanen. Libje jimme út, de Merke kommisje stelt 165,-- gûnen beskikber foar eltse buurt. Jonker Sikke makket it feestmiel ôf. De Merke kommisje soarget foar it toetje, it búkje sil in bêste dei ha.
19:30 oere Musyk, lekker swinge op “Down Town”

Moandei 12 augustus

09:00 oere Keatsen foar 14 jier en âlder (opjaan foar sneon 18:00 oere by Jan Pieter as Rutger). Wa giet der mei de priizen oan de haal?
10:00 oere Bernekeatsen fan 8 o/m 13 jier (opjaan om 9:00 oere by Mariska op it fjild)
11:00 oere Petsjebaljen (opjaan by Boukje) Ferjit jimme pet net!!!
14:00 oere Bernespultsjes (opjaan by Jill)
16:30 oere Priisútrikking (keatsen en bernespultsjes)
17:00 oere Sigaarsmooke (opjaan by Floris)
19:30 oere Sekslaan (manlju, froulju en bern).
22:00 oere Musyk, fuotten fan’e flier mei “Jokers Wild”

Tiisdei 13 augustus

Stjêrrenslach, de kompetysje wer de buurten elkoar in pyk sette wolle. Hokker buurt giet der úteinlik mei de haadpriis fan troch? Foardat it sa fier is moat der al wat gebeure.
09:00 oere Honkbal kompetysje 8 tsjin 8 (teminsten 3 froulju)
09:30 oere Kenniskwis wat is er allegear noch hingjen blean fan die 80-er jieren (dielname ûnbeheind).
10:00 oere Bernekrea cup-cakes fersiere Abel (fan de taarten) is freege om te helpen, mar as er ek komt?
10:30 oere “Survival run” 4 persoanen per buurt (teminsten 1 frou.) De lêste persoan fan it team bepaald de útslach.
11:00 oere Berne matinee ek de lytse fuotsjes geane fan’e flier
11:15 oere Matinee mei “van Geeft’em” “van Geeft’em”jout’em fan Jetje

Ferfolch Stjêrrenslach
15:00 oere Spikerbroek hingje kompetysje 2 tjin 2 (1 frou en 1 man) Yn de biertinte omhingje kin eltsenien wol, mar sprikerbroek hingje is oare koeke, no sil de bûter jild jilde.
15:45 oere Springslang kompetysje 6 tsjin 6 (3 froulju en 3 manlju) fan behindichhied en “teamwork”
16:45 oere Ringstekke yn’e kroade kompetysje 2 tsjin 2 (1 frou en 1 man) ris sjen wa as der noch in bytsje goatsjetûk is.
18:00 oere Priisútrikking en Ferlotting wat is in merke sûnder ferlotting, wy skuorre alle registers iepen en lûke krekt salang troch as der net in priis mear oer is, it toniel moat leech foar de útsmiter fan de Merke.
19:00 oere Musyk mei “Traxion” twa kear op’e rige ha sy dit putsje earder by de hân hant. It dak gong der ôf en it dak giet der wer ôf. dat sizze wy ta. Wa as wy binne, kinne jimme hjir ûnder fine.

Yn wike 24 meie jimme it merkeprogram by jimme yn’e bus ferwachtsje. Yn wike 25 nimme wy ús geastelike rust. De derop folgjende 2 wiken komme wy by de doaren lâns mei de merke yntekenlist om dizze “rebirth”te bekostigjen. Jimme kinne sis mar “cash”betelje, mar it kin ek oer de bank (bankrek. 330802658). Dit gemak ha wy foar it gemak mar efkes meinommen út de hjoeddeistiche tiid.

Wy winskje jimme in noflike merke 2013 ta.
Jan Pieter, Mariska, Floris, Boukje, Jelle, Jill en Rutger.


PS: Ferjit en fersit de 50ste Revanche Freule op 14 augustus net!!!!!!!!!!





Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
16 december

17 novimber Bierpriuwerij
d'Ald Skoalle Bears
20.30 oere; 15 euro p.p.

7 jannewaris 2018 Nyjiersbrunch
d'Ald Skoalle Bears
13.00 oere

14 april Rommelmerk
d'Ald Skoalle Bears


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016