Foto's

Kroaningsbeam by Uniastate yn Bears

Kroaningsbeam by Uniastate yn BearsFreed 26 april om 16.00 oere sil boargemaster Johanneke Liemburg de kroaningsbeam fan Littenseradiel plantsje by Uniastate yn Bears. Sy wurdt dêrby holpen troch Doutsen út Jellum en Mette út Bears, dy’t harren jierdei diele mei takomstich kening Willem-Alexander.


Kroaningsbeammen yn hiele lân

Op tiisdei 30 april 2013 nimt keninginne Beatrix ôfstân fan de troan en wurdt kroanprins Willem-Alexander de nije kening fan ús lân. Om dat te fieren wurde der yn in soad gemeenten yn Nederlân kroaningsbeammen plante.

Uniastate
Yn Littenseradiel sil de gemeente ek in kroaningsbeam plantsje. De kroaningsbeam komt op it terrein fan Uniastate yn Bears. Dat plak is troch de gemeente útsocht omdat de beam dêr op in beskêrme plak stiet.

Doutsen en Mette
Der binne twa bern út twillingdoarpen Jellum en Bears dy’t harren jierdei op deselde dei hawwe as de jierdei fan de nije kening Willem-Alexander, nammentlik 27 april. Dat binne Doutsen Kalma (hast 11 jier) en Mette Tryntsje van de Lageweg (hast 7 jier). Dêrom hat de boargemaster harren beide útnoege om har te helpen mei it plantsjen fan de kroaningsbeam.


Terug

Agenda

Programma doarpshûs d'Ald Skoalle:
12 december: kersttukjes maken
6 jan.: Nieuwjaarsbrunch
13:00 oere
18 jan.: Itensiede mei Wyneke en Marjolein
17:30 oere
9 febr.: Snertjûn
17:00 oere
21 febr.: Boekejûn mei Anita Terpstra
20:00oere
2 maart: Discojûn
20.30 oere

Kaartclub 'Harten Aas'
Kruisjassen: 17 dec. 21 jan. 25 febr. 18 maart, 1 april
Aanvang: 19.45 uur
Klaverjassen: 14 dec. 11 jan.
8 febr. 8 maart en 12 april
Aanvang 20.00 uuur

Biljartclub
Vanaf 1 oktober 2018 elke maandagavond
Aanvang: 19.30 uur
Vrijdagmiddag, op deze middag wordt ook les gegeven.
Aanvang 14.00-16.00 uur



Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Ledenvergadering dorpsbelang en jaarverslag 2017

Film ter ere fan it 75-jierig bestean fan doarpsbelang Jellum/Bears

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân