Foto's

Nijsgjirrich toanielbarren

Nijsgjirrich toanielbarrenOmdat Nij Libben it tige wichtig fynt dat ek it jonge talint yn Jellum en Bears hun talinten sjen litte kin, is der foar keazen om in foarstelling mei bern en folwoeksenen te spyljen. It entûsiasme wie sa grut dat der earst in audysje wie. Der spylje no 12 bern tusken de 10 en 14 jier en 4 folwoeksenen mei.

Katharina is in famke fan 9 jier dy’t altyd rûzje mei har heit hat. Op in dei is se sa lilk op him dat se sa hurd op ‘e grûn stampt dat se troch de flier hinne sakket. Se bedarret yn in libbend guozzebrief. Dêr komt se allegearre núvere figueren tsjin dy ‘t in spultsje mei har spylje. Mar it frjemde is dat de fakjes yn it guozzebrief hiel bot op har eigen libben lykje.
It is in spul wêr ‘t net ien yn in fakje past en eltsenien winne wol. Jong en âld komme yn in wrâld dêr ‘t je yn je eigen fantasy fuort dreame kinne.

De foarstellings binne yn de skuorre oan de Hegedyk 19 yn Jellum op:
Freed 5 april (première), sneon 6 april, freed 12 april en sneon 13 april om 20.00 oere
Snein 14 april om 15.00 oere

Nijsgjirrich wurden? De spilers noegje jim fan herte út om nei de foarstelling te kommen. Kaartsjes kinne besteld wurde fia www.nij-libben.nl en op
telefoannûmer 06 38 516 719 (tusken 18.00 en 21.00 oere).

Klik hjir foar in filmke fan de tariedingen fan de foarstelling.





Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
4 november en 16 december


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016