Foto's

Uniastate Bears is klear foar start simmerseizoen

Uniastate Bears is klear foar start simmerseizoenUniastate Bears is klear foar de start fan it simmerseizoen
De âlde Poarte is renovearre. De moaie fergulde wynfaan pronket wer boppe op de Poarte. Besikers kinne wer feilich  troch de Poarte om de ekposysje yn de boppekeamer te besjen en de Loftspegeling fan it âlde Uniastate te beklimmen.
Ek de Mariatsjerke hat dizze winter in grutte ûnderhâldsbeurt krigen en kin der wer jierren tsjinoan.
It bysûndere kultuerboartersplak, in ûntwerp fan keunstner Beb Mulder, wurdt mei koarten iepene.

Omdat Uniastate har mear rjochtsje wol op aktiviteiten foar gesinnen mei bern yn de basisskoalleleeftyd, binne de iepeningstiden yn it wykein ferromme (sneon en snein fan 10.00-17.00 oere).
De tige bysûndere entoeraazje fan Uniastate biedt folop mooglikheden foar spannende aktiviteiten yn de sfear fan ridders, skatgrafen en natoer.
Foar âld en jong is der it kommende simmerseizoen fan alles te belibjen op Uniastate.
Aktuele ynformaasje op www.uniastatebears.nl
 
 
Uniastate giet fan start op :
Peaskemoandei 1 april 13.00 oere, mei peaskeaktiviteiten foar de bern.
Mei u.o.  peaskeaaien sykje,  aaien beskilderje, mobiles meitsje 
Entree € 2,50 inklusyf  konsumpsje 

Woansdei 3 april:  iepening fan de eksposysje fan Greet Leuven út Waaksens
“ Een synergie tussen kunstwerk en kerk”
Vanaf 3 april tot en met 2 juni  exposeert Greet Leuven uit Waaksens schilderijen, schalen en objecten in de Mariatsjerke (Uniastate) in Bears. De kerk uit de 13e eeuw en de historische omgeving vormen een mooie synergie met de thema’s die Greet in haar werk laat zien. Archeologie en de macht van religie, de footprint van de mens in de geschiedenis. De kerk is toegankelijk van woensdag tot en met zondag. www.leuven.exto.nl en www.uniastatebears.nl  Entree € 3,-



Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
4 november en 16 december


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016