Foto's

Fries museum en omrop Fryslân sykje amateurkeunstners yn Jellum en Bears

Fries museum en omrop Fryslân sykje amateurkeunstners yn Jellum en BearsIt Fries Museum bringt yn 2012 tegearre mei Omrop Fryslân in Fryske talintejacht foar amateurkeunstners op ‘e televyzje. Fan 1 oktober ôf set de syktocht nei nij keunsttalint út ein.


Bisto amateurkeunstner, hast wat mei Fryslân en bist 18 jier of âlder? Skriuw dy dan yn foar MUSE en stjoer ús dyn eigen Fryske topstik! Oanmelde kin oant en mei 11 novimber fia de website muse.friesmuseum.nl.

MUSE wurdt yn de maitiid fan 2013 útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma krije de kandidaten wikseljende opdrachten, dy’t altyd wat te krijen hawwe mei Fryslân as ynspiraasjeboarne. De sjoggers bepale tegearre mei in sjuery fan keunstkenners wa’t yn oanmerking komt foar de haadpriis: in eksposysje yn it Fries Museum. In dat televyzjeprogramma wurdt einlings ris yn gewoane taal oer hjoeddeiske keunst praten. Wat fine de eksperts goede keunst en wêrom?

It Fries Museum trêdet mei dit projekt bûten de eigen muorren. “Wy wolle in hiel soad minsken entûsjast meitsje foar keunst, dat is ús doel”, sa seit direkteur Saskia Bak. Omrop Fryslân sil der in bysûnder televyzjeprogramma fan meitsje. “Wy wolle de sjoggers belibje litte hoe’t minsken mei keunst dwaande binne”, sa seit haad kultuer Piter Zwart.

muse
Fryslân is de muze fan de dielnimmende amateurkeunstners. Dat komt werom yn de titel fan it programma: MUSE. As knypeach nei it wurd museum wurdt MUSE ditkear mei in ‘s’ skreaun. MUSE hat in eigen hússtyl, mei de karakteristike typografy fan it Fries Museum. De opfallende eftergrûn yn it logo is fan keunstner Claudy Jongstra. It is in detail út in grut filten keunstwurk foar de yntreehal fan it
nije Fries Museum. Dêryn steane it belibjen fan lucht, ljocht en ierde fan Fryslân foarop.

sjuery en presintator
De sjuery fan pasjonearre keunstkenners bestiet út museumdirekteur Saskia Bak, byldzjend keunstner Remon de Jong en galeryhâlder Steven Sterk. Presintator Miranda Werkman folget it proses fan learen en keunst meitsjen fan de dielnimmers, ynklusyf bloed, swit en triennen.



bankgiro loterij
It programma wurdt mooglik makke troch de 700.000 dielnimmers fan de BankGiro Loterij, de kultuerlotterij fan Nederlân. De BankGiro Loterij stipet mei de helte fan it ynlisjild in grut tal kulturele organisaasjes, wêrûnder it Fries Museum. Dit televyzjeprogramma is in projekt dat begjin 2012 beleanne waard mei in ekstra bydrage fan de BankGiro Loterij.


Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
16 december

17 novimber Bierpriuwerij
d'Ald Skoalle Bears
20.30 oere; 15 euro p.p.

7 jannewaris 2018 Nyjiersbrunch
d'Ald Skoalle Bears
13.00 oere

14 april Rommelmerk
d'Ald Skoalle Bears


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016