Foto's

'Ikke net' 16 en 17 maart d 'Ald Skoalle

'Ikke net' 16 en 17 maart d 'Ald SkoalleIkke net !!!!

It falt net ta om mei grutte minsken om te gean. Hoe ’t dy je om de kop sangerje kinne! Oer je húswurk en net te folle tv sjen en betiid op bêd gean.
Oan de oare kant: it falt ek net ta om bern te hawwen.

Hoe dúdlik je de regels ek stelle, se witte der altiten wol wer wat oars fan te meitsjen. En hoe ’t je je bêst ek dogge, je sitte sa mar wer mei lilke gesichten of slaande doarren.

Sa besjoen is it mar moedich dat toanielklup Nij Libben yn Bears it oandoard hat om in foarstelling te bringen mei bern en folwoeksenen! Sân jonge spilers geane de flier op mei fjouwer grutte minsken. Yn in ferskaat oan sênes bringe se sitewaasjes yn byld dy ’t by jong en âld in protte herkenning oproppe sille. In mem mei in soan, in skoalmaster mei in learling, se witte it mekoar knap lestich te meitsjen. Mar wa hat der hjir no in probleem? Ikke net!

De foarstelling hat de foarm fan ‘De flier op...’ Mei gemak witte de spilers te ymprovisearjen op de thema’s dy ’t de regy har foarleit. No ja, in bytsje oefene ha se wol. Mei fertúten! De jongerein lit har net ûndersnije. De âlde garde kin ‘m mar klear meitsje: hjir komt nij talint oan. Komt dat sjen, komt dat sjen! Op 16 en 17 maart yn D’Ald Skoalle yn Bears.



Terug

Agenda

Oud papier 2017
Oud papier vanaf 10 uur gebundeld klaarzetten langs de weg
16 december

17 novimber Bierpriuwerij
d'Ald Skoalle Bears
20.30 oere; 15 euro p.p.

7 jannewaris 2018 Nyjiersbrunch
d'Ald Skoalle Bears
13.00 oere

14 april Rommelmerk
d'Ald Skoalle Bears


Dorpsvisie Jellum Bears 2015-2020.pdf

Foto's 50 jaar Stichting Ald Skoalle

Oude foto's Bears
Oude foto's Jellum
 
Gemeentenieuws

Streekwurk provinsje Fryslân
 
Jaarverslag dorpsbelang 2017

Jaarverslag dorpsbelang 2016